Ritsumeikan Universiteit
De Ritsumeikan Universiteit (Japansk: 立命館大学) is in heech oanskreaune partikuliere universiteit yn Kioto, Japan. De universiteit waard 1900 oprjochte.
Ritsumeikan Universiteit | ||
Namme | ||
Ofkoarting | Rits | |
Lokaasje | ||
Lân | Japan | |
Plak | Kioto | |
Oare bysûnderheden | ||
Oprjochting | 1900 | |
Rektor | Yoshio Nakatani | |
Tal studinten | 36.825 (2022) | |
Tal meiwurkers | 1.392 (2022) | |
Netwurken | APSIA, INU, Global 30, Kansai Big 6 | |
Offisjele webside | ||
www.ritsumei.en |
Neist de haadkampus yn Kyoto hat de universiteit ek satellytkampussen yn Ibaraki, Osaka en Kusatsu, Shiga. De Ritsumeikin Universiteit is bekend om syn sosjale wittenskippen, benammen Ynternasjonale Betrekkingen (IR), mar ek om syn Science & Engineering ôfdielingen. De Graduate School of International Relations is it iennige Japanske lid fan de Association of Professional Schools of International Affairs (APSIA).
Skiednis
bewurkje seksjeRitsumeikan waard yn 1869 oprjochte as privee-akademy troch prins Saionji Kinmochi. Yn 1900 rjochte Kojuro Nakagawa (de eardere sekretaris fan prins Saionji) de Kyoto Hosei Skoalle op, in rjochtefakulteit dy't úteinlik (mei tastimming fan de prins) de namme Ritsumeikan oannaam en yn 1922 de folsleine universitêre status krige. Histoarysk sjoen waard de skoalle beskôge as in liberaal alternatyf foar de steatsuniversiteit fan Kioto.