Robert Demachy
Robert Leon Demachy (Saint-Germain-en-Laye ûnder Parys), 7 july 1859 – Hennequeville, 29 desimber 1936) wie in Frânsk fotograaf, keunstskilder en essayist. Hy wurdt ta de pikturalisten rekkene.
Robert Demachy | ||
keunstner | ||
Robert Demachy, selsportret | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Robert Leon Demachy | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 7 july 1859 | |
stoarn | 29 desimber 1936 | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Fotograaf, skilder, essayist | |
streaming | Pikturalisme | |
bekendste wurk(en) |
û.o. Speed , 1904 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Libben en wurk
bewurkje seksjeDemachy kaam út in begoedige famylje yn de omkriten fan Parys. Hy wie in soan fan bankier Charles Adolphe Demachy (1818–1888) en Zoé Girod de l'Ain (1827–1916), en waard ynearsten ek bankier. Fan 1876 ôf oan wijde er him lykwols hielendal oan wat al syn hobby wie: de fotografy. Yn 1888 sluet er him oan by de bekende “Photo-Club de Paris”.
Demachy wie in soad dwaande mei de fotografy fan beweging, fral dy fan minsken en fan strjitsênes. Hy makke gebrûk fan it gomdruk-prosedee en ûntwikkele dêrby in styl wêrby't er troch fernimstich manipulearjen fan de negativen (retûsjearjen fia oalje-techniken) in skildereftich effekt oan syn fotoos tafoege. Wichtige temas yn syn wurk binne de oergong fan persoanen yn har' fermiddens en de tsjinstelling tusken skaad en ljocht (hy bewûndere de Hollânske skilderkeunst en fotografearre ek geregeld yn Nederlân lykas mear pikturalisten diene).
Demachy waard om de iuwwikseling hinne ynternasjonaal ferneamd mei syn keunstige fotoos. Hy hie oeral yn de wrâld ekposysjes en waard lid fan de Amerikaanske fotoklup Photo-Secession, de tsjinhinger fan de Britske Linked Ring. Tusken 1904 en 1907 publisearre Alfred Stieglitz ferskate fan syn fotoos yn syn foaroansteande fototydskrift Camera Work. Yn 1906 hie er mei ûnder oaren syn lânslju Constant Puyo en René Le Bègue in tige slagge tentoanstelling yn Stieglitz syn bekende "Gallerie 291" yn New York.
Demachy skreau benammen op letter jierren en in protte boeken en essays oer de keunst fan de fotografy.
Oars wat
bewurkje seksje- Demachy wie ien fan de earste Frânsen dy't in auto hie, al yn de 90-er jierren.
Galery
bewurkje seksje-
Study in Red, 1898
-
Brittanje, 1904
-
Struggle, 1904
-
Faasje, 1904
-
Stúdzje, 1906
-
Efter de kûlissen, 1904
-
Toucques Valley, 1906
-
The Seine at Clichy, 1906
Literatuer
bewurkje seksjeBill Jay: Robert Demachy: Photographs and Essays, Academy Edition, Londen 1974, ISBN 0-85670-185-8
Keppelings om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Robert Demachy fan Wikimedia Commons. |