Robert Veenstra (Ljouwert, 1 septimber 1964) is in Nederlânsk âld-bestjoerder fan Frysk komôf. Veenstra wie fan 1 augustus 2010 oant 2013 foarsitter fan fuotbalklup SK It Hearrenfean. Hy folge destiids Yme Kuiper op.[1] Dêrfoar wie er foarsitter fan it Kolleezje fan Bestjoer fan de Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert. Ek hat Veenstra lange tiid wurksum west by Essent.

Robert Veenstra
persoanlike bysûnderheden
echte namme Robert Veenstra
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1 septimber 1964
berteplak Ljouwert
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt Bestjoerder

Op 28 oktober 2010 makke it Algemene Onderwijsbond bekend dat Veenstra yn de top tsien stie fan grutfertsjinners yn it ûnderwiis. Hy wie oer it jier 2009 ien fan de 60 skoalbestjoerders dy't oer de grins fan de Balkenende-noarm gienen.[2]

Fierder wie Robert Veenstra oant 2016 kommissaris fan de sosjale wurkfoarsjenning Caparis.[3] Nei in lang konflikt binnen de direksje stapte er dêr op.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 'Geskikt om klup te lieden' Omrop Fryslân (sjoen op 15 novimber 2010)
  2. 60 onderwijsbestuurders boven ministersloon, De Algemene Onderwijsbond (sjoen op 15 novimber 2010)
  3. Caparis-directeur mag aan het werk, commissaris stapt op, Leeuwarder Courant, 13 july 2016 (update 1 juny 2017). Rieplachte 16 desimber 2018.
  4. Toezicht op Caparis weer compleet, Leeuwarder Courant, 28 oktober 2016 (update 28 oktober 2016). Rieplachte 16 desimber 2018.