Rocamadour is in stêd yn Frankryk, en leit yn it Sintraal Massyf, departemint Lot. De stêd is nei Loerdes it meast besochte beafeartsplak fan Frankryk.

Rocamadour

Rocamadour is te beriken fanôf Sarlat en Souillak oer de D673.

De stêd is boud op in rots middenyn de Causse de Gramat, in útstrekt leistienplato en ûnderdiel fan de Causses du Quercy. Boppe op de rots stiet in kastiel. Oer in slingerjend paad (of mei de lift) kin it hillichdom berikt wurde, dat út in rige fan kapellen mei fresko's en in tsjerke. Oer in trep, dêr't in protte fossilen út de see te sjen binne, komt men ûnderoan de berch te plak. Dêr leit in tige toeristysk stedsje mei tige nauwe strjitten.

De namme fan it hillige plak is yn it Oksitaansk 'roc amator'; de rots fan Amadour. Dizze rots is yn de iere midsiuwen troch Sint Amadour útkeazen as wenplak.

Sint Amadour liede in kluzenersbestean en wurdt yn in leginde identifisearre mei Zacheüs, in learling fan Jezus. Hy is ek de man fan Sint Feronika, dêr't er mei út it Hillige lân nei Rocamadour flechtsje soe.

Yn de 12e iuw waard it lichem fan Sint Amadoer noch alhiel yntakt en net oantaasten, oantroffen yn in tombe yn de berchwân. It lichem waard yn de kapel lein, dêr't minsken ferfolgens op syn werberte wachten, dy't lykwols net kaam. Letter is it lichem troch de protestanten ferbaarnd by ien fan de folle godstsjinstoarloggen.

Rocamadour waard in tige populêre beafeartsplak op de wei fan Noard-Jeropa nei Santiago de Compostella. In soad bekende minsken kamen nei Rocamadour op pylgertocht, dêr't kening Loadewyk de Fromme en Hindrik III fan Ingelân, dy't yn Rocamadour op wûnderbaarlike wize genêzen wêze soenen fan in sykte, part fan útmakken.

Utsein de tombe fan Sint Amadoer is de Swarte Madonna fan Rocamadour ek in wichtige reden foar pylgertochten.

Nijsgjirrichheden

bewurkje seksje

Tusken de stêd en it kastiel yn lizze sân hillichdommen oan de Parvis des Églises, te berikken troch in trep mei 223 treden, of in lift.

  • Porte du Figuier, poarte út de 13e iuw
  • Grand Escalier, trep mei 223 treden
  • Porte du Fort, jout tagong ta de Enceinte sacrée, it hillige diel binnen de muorren
  • Parvis des Églises, me de sân hillichdommen û.o.:
    • Basilyk de Chapelle Notre-Dame, wûnderkapel
    • trije kapellen: St. Jean-Baptiste, St. Blaise en St. Anne
  • Basilique St-Sauveur
  • Église St-Amadoer
  • Chapelle Notre-Dame, mei de Swarte Madonna
  • Chapelle St-Michel
  • Bûtenmuorre
  • Musée d'Art sacré Francis-Poulenc, wijd oan de komponist Francis Poulenc dy't by syn besiik oan Rocamadour yn 1936 Litanies à la Vierge noire de Rocamadour komponearre. It museum beskikt oer in skatkeamer.

Keppeling om utens

bewurkje seksje