Roddy Doyle (Dublin, 8 maaie 1958) is in Iersk skriuwer. Syn boeken geane oer de arbeidzjende klasse yn Dublin en binne loftich mar hawwe in serieuze ûndertoan.

Roddy Doyle

Doyle waard grutbrocht yn Kilbarrack, Dublin. Syn mem Ita Bolger Doyle, is een nicht fan de koartferhaleskriuwer Maeve Brennan.[1] Hy wennet yn Killiney.[2] Hy die in keunsstúdzje oan de Universiteit fan Dublin en helle in Bachelor of Arts-graad. Foardat er foltiidskriuwer waard yn 1993, wie er learaar Ingelsk en ierdrykskunde oan de Greendale Community School yn Kilbarrack, Noard-Dublin. Yn dy tiid wie ien fan syn learlingen de toanielskriuwster Enda Walsh.[3]

Jannewaris 2009 koe it troch Doyle stifte sintrum foar kreatyf skriuwen, "Fighting Words", yn Dublin de doarren iepenje. It idee foar it projekt krige er nei in besite oan syn freon Dave Eggers syn 826 Valencia project yn San Fransisko. 'Fighting Words' meie studinten fan alle leeftiden hinne, en de lessen binne fergees.[4]

  • The Commitments (1987
  • The Snapper (De bastaard) (1990) (ferfilme 1993 troch Stephen Frears)
  • The Van (De Bus) (1991)
  • Paddy Clarke Ha Ha Ha (Booker Priis 1993)
  • The Woman Who Walked Into Doors (1996) (
  • A star called Henry (De stjer Henry Smart) (1999)
  • Oh Play That Thing (Een vriend van Louis) (2004): Henry Smart's belevenissen in de VS.
  • Paula Spencer (2006) (Ferfolg op The Woman Who Walked Into Doors)
  • Foar searje 1 fan de Open door searjes skreaun hy it boek Not just for christmas (1991)
  • Rory en Ita (2002) (oer Doyle's âlden)
  • War (1989)
  • Brown Bread (1993)
  • Guess Who's Coming for the Dinner (2001)
  • The Woman Who Walked into Doors (2003)
  • Opnij skreaun The Playboy of the Western World (2007) mei Bisi Adigun
  • The Giggler Treatment (2000)
  • Rover Saves Christmas (2001)
  • The Meanwhile Adventures (2004)
  • Wilderness (2007)
  • Her Mother's Face (2008)

Filmskripten

bewurkje seksje
  • When Brendan Met Trudy (2000).
  • "New Boy" (2008) -- (Academy Award), koarte film regisearre troch Steph Green basearre op Doyle's koarte ferhaal mei deselde namme.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Angela Bourke, Maeve Brennan: Homesick at the New Yorker, 2004, Counterpoint Books, New York.
  2. "Roddy Opens His Door", Irish Independent
  3. Artikel yn Entertainment Times
  4. Fighting Words web site