Rodenburch (Kollum)

Rodenburch of Rodenburghstate, mooglik ek Brandenborch wie in state beëasten Kollum, gemeente Kollumerlân. Fan de state is neat werom te finen.

Oer it ûntstean fan de state is neat bekend. Oan de súdkant fan de hjoeddeiske Hessewei fermeldt Andreae yn 1883 noch een bijzonder hoog gelegen stuk land, de vroegere standplaats van het huis Rodenburgh. It wie om 1616 grif eigendom fan Wisck Bottinga. Dizze Wisck wie in dochter fan Tjepcke Hessels, sekretaris fan Kollumerlân en Lyse Brandenborch en wie troud mei Hindrik (fan) Botnia. Nei alle gedachten bestie de state yn 1640 al net mear, de lannen wiene eigendom fan de famylje Rosema.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: