Rodolphe Daniel Jacquette, better bekend as Rodolphe (Bois-Colombes, 18 maaie 1948) is in Frânske ûnderwizer, boekhanneler en sjoernalist, mar benammen bekend as skriuwer fan tekenteltsjes. Hy hat mear as hûndertfyftich albums op syn namme brocht, dy't tekene binne troch in tal grutten út de stripwrâld, û.o. Juillard. Rouge, Ferrandez, Leo en Florence Magnin.

Rodolphe, oktober 2008

Nei in stúdzje literatuer yn Nanterre wurket er earst as learaar, letter as boekhanneler. Neidat er yn 1975 de striptekener Jacques Lob kennen learen hie, set er útein mei it meitsjen fan Comic senarios.

Yn 1976 makket hy syn earste tekentelsje Le Conservateur, dat troch Jean-Claude Floc'h tekene waard. It jier dêrop folgjend realisearet foar Annie Goetzinger Enquête au Collège. Dêrnei folge wurken mei ferskillende tekeners foar de blêden (à suivre), Métal Hurlant, Rock, Charlie en Pilote.

Begjin tachtiger jierren set er útein mei de rigen Raffini (mei Jacques Ferrandez) en Les Écluses du Ciel (mei Michel Rouge) en dy't út meardere dielen beslacht. Mei Jacques Ferrandez realisearet hy dêrnei ek inkele One Shots (u. a. 1986 Der Vicomte).

Yn 1984 ferskynt it earste diel fan syn ferfolch rige Cliff Burton, dy't oanfangt mei Frédérik Garcia as tekener, en letter troch Michel Durand tekene waard. Oare bekende rigen binne Taï Dor (Ko-skriuwer: Serge Le Tendre, tekener: Jean-Luc Serrano), Kenya (tekener: Léo) en De oare wrâld (mei Florence Magnin). Rodolphe wie fierders ek dichter, kritikus en organisator fan tentoanstellingen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje