Casting

(Trochferwiisd fan Rolbesetting)

It Ingelske wurd casting ferwiist nei it selektearjen fan artysten (yn 'e regel akteurs of dûnsers) foar in spesifike rol. De groep artysten dy't úteinlik útkeazen wurdt, foarmet de cast oftewol rolbesetting of rolferdieling fan 'e oangeande film of it tillefyzjeprogramma of teäterstik. It wurd casting kin ek tsjutte op 'e seleksje fan fotomodellen. By in castingproses binne der by de eigentlike audysjes ornaris trije partijen oanwêzich: de opdrachtjouwer (lykas in filmregisseur of tillefyzje- of teäterprodusint) dy't immen siket foar in beskate put; de artyst dy't wurk siket; en in tuskenpersoan dy't it kontakt tusken de oare beide partijen yn goede banen liedt en dy't de hiele casting organisearret.

Swarte katten wurde cast foar de film Tales of Terror fan Roger Corman

Sa'n tuskenpersoan fertsjintwurdiget in castingburo, en wurdt in casting director (letterlik in "casting-regisseur") neamd. De rol fan 'e casting director is twafâldich: yn it foarste plak nimt hy of sy de opdrachtjouwer in protte wurk út 'e hannen, mar oan 'e oare kant wurket de oanwêzigens fan in casting director ek as in rem op mooglik misbrûk troch de opdrachtjouwer fan 'e kwetsbere posysje fan artysten dy't om wurk ferlegen sitte. It is nammentlik wol foarkommen dat opdrachtjouwers fan kreaze froulike artysten of modellen seksuële tsjinsten ferlangen yn ruil foar it takennen fan in rol of in modelleputsje (sok dwaan stiet bekend as de casting couch).

Om yn oanmerking te kommen om cast te wurden, moatte artysten harren ynskriuwe by in castingburo of reägearje op in spesifike iepen castingoprop. Profesjonele castings binne altyd fergees, mar lang net eltsenien dy't him opjout of dy't ynskreaun stiet, sil ek wier-wier útnûge wurde. En fan 'e lju dy't wol útnûge wurdt, kin fansels mar in lyts persintaazje oannommen wurde.

By guon castingsesjes, benammen dy foar modellewurk of by rollen dêr't net by sprutsen hoecht te wurden, kin it dermei ta dat de opdrachtjouwer en de casting director in stikmannich foto's fan 'e artyst of it model besjogge. It komt lykwols faker foar dat gadingmakkers audysje dwaan moatte troch in lyts stikje út 'e film of de foarstelling op te fieren. Dêrby kinne se dan sjen litte wat harren talinten binne en hokker útstrieling oft se hawwe. Op grûn fan 'e resultaten fan sokke audysjes fynt de eigentlike casting dan plak. Dêrby hat de casting director in advisearjende rol en de opdrachtjouwer it lêste wurd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.