Rolling Home
Rolling Home is in folksjongkoar fan sa'n fyftich sjongers út Snits dat yn 1994 stifte waard. Der waard begûn as shantykoar, mar dat gie al gau oer nei it folk sjenre, benammen Keltyske.
Rolling Home | ||
band | ||
Rolling Home yn 2009 | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
sjenre | shanty | |
bestean | 1994 – no |
Rolling Home is ferneamd rekke om harren nûmer “Fries om utens” dat mei John Wright op de planken brocht waard. It nûmer stiet altyd heech yn de Fryske muzyklisten.
Skiednis
bewurkje seksjeOp it eardere Wippodium yn Snits trede yn 1994 it shantykoor de West Aleta Zangers op. It wie oanlieding foar Harm Rozenberg en Fokke de Jong om in advertinsje te setten foar sjongers om in koar op te setten. Fan it krekt ophefte "Old Time Dance Ensemble" kamen bassist Cees Hordijk en akkordeonist Harry van der Berg der by. Earst waard oefene yn it âlde kluphûs fan Harry, sûnt simmer 1999 wurdt oefene yn "De Hofnar" dat mei karnavalsferiening "De Oeletoeters" it kluphûs fan Rolling Home is.
De earste dirigint wie gitarist Dave Tearney. Hy seach yn syn boekje in saneamde "Forebitter" mei de namme "Rolling Home" stean. Forebitters wienen lieten dy't songen waarden oan board fan skippen dy't fan Austraalje nei hûs ta farden en dit waard sadwaande de namme fan it koar.
Diskografy
bewurkje seksjeKompakt skiif
bewurkje seksje- Twenty years young (2015)
- Rolling Home 15 years young/Rolling Home Celtic Life (2009)
- Rolling on' (2003)
- Together with Friends (2000)
- “Together” with Garva (1997)
DVD
bewurkje seksje- Rolling Home Going Celtic (2007)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |