Romke Kroondijk (7 jannewaris 1938) is in Frysk lokaal politikus.

Hy wie yn oprjochter fan de FNP yn Himmelumer Aldefurd en siet foar dy partij fan 6 augustus 1974 oant 1 augustus 1978 yn de rie fan dy gemeente. Letter siet hy fan 1998 oant 9 jannewaris 2007 yn de gemeenterie fan Nijefurd.

By syn ôfskie krige hie in keninklike ûnderskieding foar syn 13-jierrich wurk as riedslid, hy waard beneamd as lid fan de Oarder fan Oranje-Nassau.

Romke Kroondijk is programma-makker by de lokale radio yn Nijefurd (RTN) mei in protte Frysktalige muzyk.