Rosemastate stie eastlik fan Kollum, yn de gemeente Kollumerlân. Nei alle gedachten om 1615 ûntstien. Op it stee fan de state stiet no in pleats.

De pleats Rozemastate

Fan de beide bruorren Tamme en Jildert Rompts bewenne de earste Sybemastate “op het Torp”. Fan Jildert Rompts is bekend dat hy yn 1605 fan Isaäc, Tiets en Tjebbe, bern fan de romrofte Ljouwerter boargemaster Adje Lamberts, in 'sath ûnder “Ausbuer”' (Lytsewâld) kocht mei de namme Rosema. Jildert Rompts libbe yn 1595 en wie doe troud mei Rytien, dochter fan Jacob Alberts, waans familynamme òf (de) Roo òf Doënga wie. Yn 1611 wurdt Anna Wiegersdr. as syn sydsulver neamd. Nei alle gedachten wie hy de stichter fan Rosemastate yn de 'Uiterdijkstercluft' ûnder Kollum. Syn soan Jacob Jilderts Rosema bewenne de state mei syn frou Trijntje Pietersdr. Cleveringa. Hy wie dykgraaf en ûntfanger-generaal fan Kollumerlân en yn 1623, 1627, 1632 en 1646 folmacht foar de Lândei fanwege dizze gritenij. Jacob stoar op 14 april 1650 en syn frou de 1e jannewaris 1661. Fan harren sân bern wenne letter Jetscke op de state.
Yn 1883 wienen de dûbele singels mei hege beammen en de grêften der noch. Binnen de grêften stie(t) in pleats.

Bewenners
  • Jildert Rompts
  • 1623 – 1650 Jacob Jilderts Rosema en Trijntje Pieters Cleveringa
  • 1650 – 1661 Trijntje Pieters Cleveringa
  • Jetscke Rosema en Gajus Botnia fan Broersma
  • Gajus en syn suster Wija Catharina Botnia fan Broersma
  • 1894 Wija Catharina Botnia fan Broersma en Livius fan Scheltinga
  • 1709 - 1730 Vincent fan Glinstra en Catharina Aurelia fan Scheltinga
  • 1730 – 1761 Catharina Aurelia fan Scheltinga

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • States en stinzen yn Fryslân
  • mr. A.J. Andreae - Kollumerland en Nieuw Kruisland, 1883-1885
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, Kollumerland
  • De monumenten…, Noordelijk Oostergo, Kollumerland