Round character
In round character of dynamysk personaazje is yn 'e narratology (bgl. yn in roman of in film) in personaazje mei in kompleks karakter, yn tsjinstelling ta in flat character. De lêzer of sjogger komt oer in round character in soad te witten, en it personaazje ûntjout him yn it ferhaal ûnder ynfloed fan wat der bart. De haadpersoanen fan ferhalen binne meastentiids round characters.