Rudolf Coenders
Rudolf Coenders (Harns, 1638 - op see, 4 augustus 1666) wie in Nederlânsk admiraal út de 17e iuw.
Hy waard berne yn Harns, mar stamme út in begoedige Grinzer famylje. As jongkeardel die Coenders al mei oan de Earste Ingelske Oarloch. Hy focht yn 1653 yn de Seeslach by Nieuwpoort en de Slach by Ter Heijde. Yn 1662 waard er bûtengewoan (ekstra ordinaris) kaptein, op 7 novimber 1664 gewoan kaptein. Dêrnei gie it tige bêst mei syn karriêre: op 17 maart 1665 waard er troch de Steaten fan Grinslân beneamd ta ficeadmiraal yn de Admiraliteit fan Fryslân en Grinslân.
Op de Groningen mei 40 kanonnen die Coenders dat jier yn it ramt fan 'e Twadde Ingelske Oarloch mei oan de Slach by Lowestoft - yn it generaal wie de fjoerkrêft fan de Nederlanners doe leech, dat bliken docht út de swakke bewapening fan it flaggeskip. Al yn augustus naam er de Stad en Lande mei 54 kanonnen yn gebrûk en yn 1666 de nije Groningen mei 72 kanonnen. Mei it lêste skip fjochte er yn itselde jier yn de Fjouwerdeiske Seeslach. Sân wike letter, op 4 augustus, waard it Frysk-Grinzer smeldiel yn de Twadeiske Seeslach útinoar slein troch in ûnferwachte Ingelske maneuvre. Coenders sneuvele. Hy waard as ficeadmiraal opfolge troch de Eastfries Enno Doedes Star.