Rudolf Hess
(Trochferwiisd fan Rudolf Heß)
Rudolf Walter Richard Hess [[hɛs]?] (Alexandrië, Egypte, 26 april 1894 - Berlyn, 17 augustus 1987) wie in nasjonaal-sosjalistysk politikus. Hy wie de „Stellvertreter des Führers“ (plakferfanger fan Adolf Hitler). Hess hat ûnder oare meiwurke oan de steatsgreep fan Adolf Hitler yn München en hat Hitler syn boek Mein Kampf neisjoen foar publikaasje. Yn 1941 gong er mei in Messerschmitt Bf 110 nei Skotlân, nei alle gedachten om oer frede te praten tusken de beide lannen. By de Neurenberger prosessen is er feroardiele ta libbenslange finzenisskip, hy stoar yn 1987. Foar guon neo-nazy groepen is Hess in held en hja binne ornaris fan betinken dat syn dea moard wie.
Militêre karriêre
bewurkje seksje- Soldaat: 1914
- Gefreiter: 21 april 1915
- Vizefeldwebel: 21 maaie 1915
- Unteroffizier: 26 oktober 1915
- Leutnant der Reserve: 8 oktober 1917
- SS-Obergruppenführer: 1934