Rumbeke is in doarp yn 'e Belgyske provinsje West-Flaanderen en in dielgemeente fan 'e stêd Roeselare mei in befolking fan likernôch 15.000. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1977 wie Rumbeke in selsstannige gemeente. It âlde doarpssintrum leit likernôch twa kilometer eastlik fan it sintrum fan Roeselare. Troch nije wenwiken en yndustryterreinen oan it kanaal Roeselare-Leie is de kearn ien wurden mei de stêdekloft Roeselare. De eastlike grins fan Rumbeke wurdt foarme troch de autodyk A17/E403; fuort dêrnei begjint it stedsgebiet Izegem.

Rumbeke
Kastiel Rumbeke
Kastiel Rumbeke
Emblemen
Bestjoer
Lân Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
Sifers
Ynwennertal 14.932 (01.01.2022)[1]
Oerflak 19,91 km²
Befolkingsticht. 749 ynw./km²
Oar
Postkoade 8800
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 50° 56' N 3° 9' E
Offisjele webside
webstee gemeente
Kaart
Rumbeke (West-Flaanderen)
Rumbeke

De buorskippen Zilverberg en Beitem lizze ek op it grûngebiet fan de eardere gemeente Rumbeke.

De âldste fermelding fan Rumbeke is yn de 12e iuw as Rumbeca (brede stream). Njonken Rumbeke omfieme de parochy oarspronklik ek Oekene en Kachtem, dy't yn 1143 ôfspjalte waarden. Yn 1889 spjalte ek Beitem ôf, wylst Zilverberg yn 1935 in selsstannige parochy waard. Fan 1116 oant 1559 hie de Abdij fan Sint-Bertinus yn Sint-Omaars it patronaatsrjocht fan Rumbeke.

Yn de tiid fan de godstsinstoarloggen waard de tsjerke fan Rumbeke plondere. Tusken 1678 en 1713 wie Rumbeke Frânsk besit.

Sûnt de 16e iuw wie de bou en de ferwurking fan flaaks fan grut belang foar de ekonomy. Weven en spinnen waard in soad thús dien, mar yn de krisis fan 1845-1847 emigrearren in soad ynwenners nei Frankryk, dêr't de meganisaasje al fierder wie. Yn de 2e helte fan de 19e iuw waard de bou fan sûkerei wichtich en Rumbeke krige ek ferskillende stienûnen.

Yn 1849 waard in kantonale weefskoalle oprjochte. Yn 1906 waard de earste meganyske weverij troch Adolf Sioen oprjochte. Yn 1899 kaam de Société sous nom collectif Boucquey-Sabbe him, dy't yn 1912 oergie op meganisaasje. Ek yn 1912 waard de Lainière des Flandres oprjochte. Yn 1928 ferskynde in jacquardweverij en yn 1923 kaam der in blikfabrikant yn wurking, ûnder de namme Optima N.V.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • It renêssânse Kastiel fan Rumbeke leit yn it Sterrebos en waard boud tusken 1520 en 1535. It is ien fan de âldste kastielen yn Belgje. It is foar it grutste part fan bakstien boud mei hjir en dêr de tapassing fan sânstien. De sipel is letter oanbrocht.
  • It baljuwhûs.
  • De Petrus- en Paulustsjerke.
  • De Kazandmûne.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Rumbeke