Sângraverij Oostermeent
Sângraverij Oostermeent is in natoer- en rekreaasjegiet benoarden Blaricum en súd fan Huizen. De sângraverij wurdt beheard troch it Goaisk Natoerreservaat. Der rint mar ien wannelpaad (3,5 km) troch it gebiet.
It gebiet hat in oerflakte fan 18 hektare, hjir is eartiids sân ôfgroeven. Dêrtroch kaam it fiedselearme grûnwetter oan it oerflak wêrtroch't in wiete heidefegetaasje ûntstie. Nederlânske lângeiten ûnderhâlde mei in tal Skotske heechlanners it gebiet en foarkomme dat it gebiet tichtgroeit. Meast opfallend is de 400 meter lange ‘ôfgrûn’ dy't op plakken trije meter heech is. Dit snijflak fan ôfgroeven en hegere sângrûn leit 150.000 jier geologyske skiednis bleat. Bysûnder is ek de koloanje ierdswellen dy't alle jierren gongen graaft om yn te brieden. De groeve is in wichtige skeakel yn de east-westferbining tusken it Goai en de polders fan Iemlân.