Ségou
Ségou is in stêd yn Maly en it haadplak fan de regio Ségou. De stêd leit oan de river de Niger, 235 km noardeastlik fan Bamako, en waard yn 1620 stifte.
Ségou | ||
Bestjoer | ||
Lân | Maly | |
Regio | Ségou Cercle | |
Boargemaster | Ousmane Simaga (sûnt 2009) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 130.690 (2009) | |
Oerflak | 23,74 km² | |
Befolkingsticht. | 5.505,05 / km² | |
Hichte | 274 m | |
Oar | ||
Stifting | 1620 | |
Tiidsône | (UTC+0) |
Ségou is ferneamd fan syn fiskyndustry en syn fiskmerk. It sintrum hat in wettertoer dy't fan fierens te sjen is. Sûnt 2005 is dêr alle jierren yn febrewaris Festival sur le Niger dat in protte minsken lûkt.