Súdatapaskyske talen
De Súdatapaskyske talen of Súdatabaskyske talen foarmje in taalgroep binnen de gruttere Atapaskyske kloft fan 'e Na-Dené-taalfamylje. Dizze tonale talen wurde sprutsen troch sa'n 186.000 leden fan Yndiaanske folken yn it Súdwesten fan 'e Feriene Steaten, mei twa (no útstoarne) talen bûten dat gebiet yn westlik Oklahoma en súdwestlik Teksas. De grutste taal fan dizze groep is it Navaho, dat 170.000 sprekkers hat. Alle oare seis talen wurde (of waarden) sprutsen troch ferskate groepen Apachen; dêrfan is it Westlik Apache it grutst, mei 14.000 sprekkers.
Súdatapaskyske talen | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Súdatabaskyske talen | |
lokaasje | Amerikaanske Súdwesten | |
tal talen | 7 | |
tal sprekkers | 186.000 (2010) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Dené-Jenisejaansk ● Na-Dené ● Ejak-Atapaskysk ● Atapaskysk ● Súdatapaskysk | |
subgroepen | ● Eastlik Apache ● Flakte-Apache ● Westlik Apache | |
taalkoades | ||
ISO 639-5 | apa |
Underferdieling
bewurkje seksje(Dialekten yn lytser lettertype.)
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |