Sykte
(Trochferwiisd fan Sûnensswierrichheden)
In sykte of krupsje (Latyn morbus, Gryksk nosos) is koartsein in fersteuring fan it normale funksjonearjen fan lichem of geast, dat de prestaasjes of wolbefinen fan in libben wêzen oantaast of negatyf beynfloedet. De reden hjirfan is soms dúdlik oantoanber mar kin ek subjektyf wêze. Tekenjend foar sykte is dat it as in proses ferrint: der is in begjin, in berin, en in ein tastân (soms mei genêzing, soms de dea en soms in bliuwend effekt op de sûnens.)