It Sûtajo (Ingelsk: Sutaio; Sjajinsk: So’taa’e; Sûtajo: Šǔ’tai) is de útstoarne taal fan 'e Sûtajo, in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, dat om 1850 hinne opgien is yn 'e Súdlike Sjajinnen.

Sûtajo
algemien
oare namme(n) Sutaio
eigen namme Šǔ’tai
lânseigen yn Feriene Steaten
tal sprekkers (útstoarn yn 'e 19e iuw)
taalbesibskip
taalfamylje Algysk
   ● Algonkwynsk
      ● Flakte-Algonkwynsk
         ● Sjajinsk
            ● Sûtajo
dialekten gjint

Taalbesibskip

bewurkje seksje

Tegearre mei it nau besibbe Sjajinsk foarmet it Sûtajo de Sjajinske taalgroep fan 'e Algonkwynske talen. Hoe nau oft it Sjajinsk en it Sûtajo krekt besibbe wiene, is net alhiel dúdlik. Sjajinske boarnen binne der ienriedich oer dat de Sûtajo "in Sjajinske taal" sprieken, d.w.s., in taalfoarm dy't sa nau mei it Sjajinsk besibbe wie, dat se it noch neikomme koene, sij it mei muoite. It is lykwols ûnwis oft it dêrby om twa nau besibbe talen gie, of dat it Sûtajo in wat ôfwikend Sjajinsk dialekt wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hodge, Frederick Webb (gearstaller), The Handbook of American Indians North of Mexico, 1906 (Bureau of American Ethnology).