SALT I
SALT I is de net-offisjele namme foar de ferdraggen dy't fuortkamen út de Strategic Arms Limitation Talks yn 1972. In dialooch tusken de twa supermachten fan dy tiid, de Sowjet-Uny en de Feriene Steaten fan Amearika dat as doel hie it oantal strategyske wapens en de krêft fan it nuklêre arsenaal net fierder waakse te litten.
De earste rige petearen tusken de Sowjet-Uny en de Feriene Steaten duorren fan 17 oant 22 novimber 1969 en wienen yn Helsinki. De besprekkings oer de ynhâld fan it ferdrach waarden yn april 1970 yn Wenen hâlden en fan dat stuit ôf om en om yn Helsinki en Wenen. Sawol Finlân as Eastenryk hienen tidens of nei de Twadde Wrâldkriich ferdraggen mei de Sowjet-Uny sletten wêrtroch sy harren neutraliteit hâlde moasten yn de tiid fan de Kâlde Kriich. Op 20 maaie 1971 makken Moskou en Washington bekend dat sy ta in akkoard kommen waarden op it mêd fan beheining fan de ûntwikkeling fan anty-ballistyske raketsystemen mar dat der noch gjin akkoard wie foar beheining fan raketten mei offinsive taken. Dat slagge wol yn 1972 en op 26 maaie 1972 tekene de sekretaris-generaal fan de Kommunistyske Partij fan de Sowjet-Uny, Leonid Brezjnev en de Amerikaanske presidint, Richard Nixon in ferdrach foar beheining fan antyballistyske raketsystemen en in ynterim-ferdrach oer de beheining fan strategyske oanfalwapens.