SAP AG is in firma dy’t bedriuwssoftware makket en aktyf is oer de hiele wrâld.[1] Neffens omset is SAP AG de grutste Europeeske softwarefirma en de fjirdgrutste fan de wrâld nei Microsoft, IBM en Oracle.[2] De primêre bedriuwsaktiviteit leit by de ûntwikkeling fan software foar it fêstlizzen en ferwurkjen fan alle bedriuwsprosessen fan in ûndernimming lykas boekhâlding, controlling, ferkeap, ynkeap, produksje, foarriedbehear, logistyk, ûnderhâld en salarisadministraasje.

It SAP logo
 
SAP haadkertier yn Walldorf

SAP waard yn 1972 oprjochte troch fiif eardere IBM meiwurkers (Claus Wellenreuther, Hans-Werner Hector, Klaus Tschira, Dietmar Hopp und Hasso Plattner) ûnder de namme Systemanalyse und Programmentwicklung (SAP). Mei it kantoar yn Weinheim begûnen se mei it meitsjen fan programma’s foar de salarisadministraasje en boekhâlding.

Yn 1976 waard Systeme, Anwendungen und Produkte in der Datenverarbeitung (SAP GmbH) oprjochte, in jier letter ferhuze it bedriuw nei Walldorf. De namme SAP AG waard yn 2005 offisjeel fêststeld.

It tal meiwurkers fan SAP sûnt de oprjochting yn 1972:[3]

  • 1972: 9
  • 1979: 61
  • 1992: 3175
  • 2000: 24.178
  • 2005: 35.873
  • 2011: 55.765
 
In skermprint út SAP

De SAP ERP is it Enterprice Resource Planning systeem en kin foar suver alle bedriuwsprosessen brûkt wurde lykas de boekhâlding, salarisadministraasje en logistyk. Yn 1993 waard mei SAP R/3 de grûnslach lein foar de SAP ERP dy’t yn 2003 ferskynde. De ERP-software bestiet út modulen dy’t ferbân mei elkoar hâlde wylst de tagong ta dy modulen mei rollen (autorisaasjes) ferdield wurde kin oer ferskillende brûkers. Foarbylden fan sokke modulen binne de FI (Finance), CO (Controlling), MM (Materials Management), SD (Sales and Distribution), PP (Production Planning) en HR (Human Resources).

De produkten binne sawol foar grutte, middelgrutte en lytse ûndernimmingen ûntwikkele:

  • SAP Business Suite is foar de grutte ûndernimmingen mei faak feroarjende bedriuwsprosessen.
  • SAP All-in-one is makke foar middelgrutte bedriuwen mei ridlike konstante bedriuwsprosessen.
  • SAP Business ByDesign is foar middelgrutte bedriuwen.

De boppesteande programma’s kinne oanfolle wurde mei saneamde 'extensions' (útwreidingen) dy’t per yndustry ferskille. SAP hat oanfoljende pakketten foar bygelyks de automobyl sektor, gemyske sektor, detailhannel sektor, medyske sektor en bankesektor. De SAP Business Suite, SAP All-in-one en SAP Business ByDesign hawwe ek allegear de SAP NetWeaver dy’t de yntegraasje tusken de ferskillende modulen en de keppeling mei oare programma’s mooglik makket en tsjinnet as databehearder.

Foar de lytse ûndernimmingen hat SAP it pakket SAP Business One makke. It Business One pakket is oersichtliker fan opset en simpeler yn de navigaasje as de oare SAP pakketten.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: SAP – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. sap.com: Worldwide Office Directory mei kantoaren yn mear as 130 lannen op de wrâld (sifers rieplachte yn febrewaris 2013)
  2. http://www.softwaretop100.org/global-software-top-100-edition-2011-the-highlights
  3. http://www.sap.com/corporate-de/investors/pdf/SAP-2011-Geschaeftsbericht.pdf