It stoomskip de Great Britain wie it earste skip mei in folslein metalen romp en in skroef as oandriuwing. By de tewetterlitting yn 1843 wie se it grutste skip fan de wrâld, mei romte foar 382 opfarrenden.

SS Great Britain'

De Great Britain wie in ûntwerp fan Isambard Kingdom Brunel, Thomas Guppy, Christopher Claxton en William Patterson, dat útfierd waard foar de Great Western Steamship Company. It ûntwerp waard ynspirearre troch it tige slagge eardere skipsûnwerp fan Brunel, de SS Great Western.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory SS Great Britain fan Wikimedia Commons.