In sakeblêd of saaklik tydskrift is in soarte tydskrift dat him rjochtet op 'e sakewrâld. It berjochtet oer hannel, bringt nijs oer grutte bedriuwen en beljochtet de sitewaasje op 'e effektebeurzen. Sakeblêden binne bedoeld foar sawol minsken út 'e sakewrâld as belangstellende bûtensteanders (bgl. lju dy't sels ynvestearje yn oandielen). As tydskriftsjenre moat it sakeblêd net betize wurde mei it fakblêd; dat is in soarte tydskrift dat oer in beskate brâns fan 'e ekonomy berjochtet en benammen bedoeld is foar lju dy't yn dy brâns har wurk hawwe. Foarbylden fan sakeblêden binne yn Nederlân Elsevier Weekblad en Quote, yn 'e Feriene Steaten Forbes, Fortune en Bloomberg Businessweek en yn it Feriene Keninkryk The Economist.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: