San Bernardinopas
De San Bernardinopas (Italjaansk: Passo San Bernardino) is in Switserske berchpas dy't it Dútsktalige Hinterrheintal mei it Italjaansktalige Valle Mesolcina ferbynt. De pas waard al brûkt troch de Romeinen en is ferneamd nei de hillige Bernardinus fan Siena. It hjoeddeistige trajekt waard oanlein yn 'e iere njoggentjinde iuw (1818-1823), en is bûten de winterperioade, dy't meastentiids duorret fan oktober oant en mei maaie, frij tagonklik foar ferkear.