San Yuste
Cuacos de Yuste is in gemeente yn de Spaanske provinsje Cáceres yn de regio Extremadura mei in oerflak fan 53 km². Yn 2007 hie Cuacos de Yuste 937 ynwenners. It doarp mei har midsiuwske doarpsplein leit oan de foet fan de Sierra de Gredos yn de streek La Vera.
Yn it berchdoarp stiet it kleaster dêr't keizer Karel V syn lêste libbensjierren trochbrocht. Hy kaam yn Cuacos de Yuste fia de wyls nei him neamde wannelrûte "el ruta del Emperador" dy't út Jarandilla de la Vera wei en troch Aldeanueva de la Vera rint oer de toppen fan de bergen fan Sierra de Gredos nei it kleaster yn Cuacos de Yuste. De keizer liet him drage yn de draachstoel dy't yn it museum fan it eardere paleis te besjen is. Dizze yntocht fan de keizer wurdt noch jierliks yn maaie betocht troch de "ruta del Emperador" te wanneljen, op hynders en op motors en quads te riden, beselskippe troch in toanielselskip dat de yntocht útbyldet.
De meast boerebefolking libbet fan de tylt fan tabak, kersen, paprikapoeier, framboazen en figen. Ek is der in oliifoaljemôle en in fabryk fan geitetsiis. It toerisme is in grutte ynkomstenboarne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |