Santy (taal)
It Santy (Ingelsk: Santee, útspr.: [sæn'ti:]) wie de lânseigen taal fan 'e Santy, in Yndiaansk folk út 'e súdeastlike Amerikaanske steat Súd-Karolina. It moat net betize wurde mei it Santy-Dakota (Ingelsk: Santee), in dialekt dat sprutsen wurdt troch de Eastlike Dakota, ien fan 'e trije folksdielen fan 'e Sû (Sioux).
Santy | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Santee | |
lânseigen yn | Feriene Steaten | |
tal sprekkers | † (útstoarn, ±1750) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Sûaansk ● Eastsûaansk ● Katôba ● Santy |
It Santy wie in Sûaanske taal fan 'e Eastsûaanske subgroep, en hiel wierskynlik in dialekt fan it Katôba (Catawba). It wie altiten in lytse taal, en it stoar út yn 'e achttjinde iuw (of mooglik sels al yn 'e santjinde), ûnder druk fan it Ingelsk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |