Sarh
Sarh is in stêd yn Tsjaad en is it haadplak fan de regio Moyen-Chari en it bisdom Sahr. It is de tredde stêd fan Tsjaad, nei N'Djamena en Moundou en leit oan de rivier Chari.
Sarh | ||
Sarh leit yn it suden fan Tsjaad | ||
Bestjoer | ||
Lân | Tsjaad | |
Regio | Moyen-Chari | |
Arrondissemint | Barh Koh | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 103.269 (2012) | |
Hichte | 350 m | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC+1 | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Sarh ynfo |
Sarh hat sa'n 110.000 ynwenners en is neamd nei de etnyske groep de Sara út Súd-Tsjaad.[1]. It plak hjitte foar 1972 Fort Archambault.
Ut de skiednis
bewurkje seksjeSarh waard stifte ûnder it Frânske koloniale bewâld foar lju dy't weromkamen út de wurkkampen anneks oan de oanlis fan it Kongo-Oseaan Spoar. Yn 1962 krige it plak in tekstylyndustry fan betsjutting en is no in wichtich middelpunt fan de katoenferwurkjende yndustry. Katoen docht it dêr bêst fanwege it gaadlike klimaat. Ek is it plak in sintrum fan kommersjele fiskerij.
Sahr is ek in bekend útgeanssintrum, ferneamd om syn nachtlibben. It Sarh National Museum lûkt minsken, en der is in fleanfjild (IATA-fleanfjildkoade SRH).
De ynwenners fan Sarh hiene yn 1990 te meitsjen mei in meningokokken meningitis-epidemy.[2]
Demografy
bewurkje seksjeJier | Ynwennertal[3] |
---|---|
1993 | 75 496 |
2008 | 108 061 |
Underwiis
bewurkje seksjeMiddelbere skoallen (Lycées)
- Lycée Ahmed Mangué (iepenbier)
- Lycée-Collège Charles Lwanga (partikulier, katolyk)
- Lycée-Collège Humanité (partikulier, baptisten)
Heger ûnderwiis:
- IUSAES - Institut Universitaire des Sciences Agronomiques et de l'Environnement de Sarh: tertiêr kolleezje stifte yn 1997
Susterstêd
bewurkje seksje- Cherbourg-Octeville yn Frankryk sûnt novimber 2001.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |