Saskia Holleman (Ljouwert, 20 maaie 1945 - Amsterdam, 10 juny 2013) wie in Nederlânsk fotomodel, aktrise en abbekate.

Saskia Holleman
Bram van der Lek njonken de PSP-poster mei Saskia Holleman
Bram van der Lek njonken de PSP-poster mei Saskia Holleman
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 20 maaie 1945
stoarn 10 juny 2013
wurkpaad
berop/amt fotomodel (1970),
aktrise (1967-1974),
abbekate (1979-2010)
jierren aktyf 1970-2010
reden
  bekendheid
ferkiezingsposter fan de PSP

Biografy bewurkje seksje

Saskia Holleman siet yn Rijswijk (Súd-Hollân) op skoalle dêr't har talint foar aktearjen al dúdlik waard. Nei har eineksamen gie se nei de Akademie voor Kleinkunst, dêr 't se lykwols yn 1967 fanwegen opstannich gedrach tsjin de dosinten fuortstjoerd waard. Yn itselde jier hie se in lytse rol yn de debútfilm fan Martin Scorsese, I call first. Se figurearre dêrnei yn ferskate Nederlânske produksjes.

Holleman die 4 augustus 1970 mei oan in fotoshoot foar Sekstant, it blêd fan de NVSH. Hendrik Jan Koldewij makke 150 foto's fan in neakene Holleman yn in greide by Nootdorp. Ien fan dy foto's is yn 1971 brûkt foar de legindaryske ferkiezingsposter fan de PSP. Yn 1972 hie Holleman de haadrol yn de Nederlânske ferzje fan de hippymusical Hair.

Nei har stúdzje rjochten wurke Holleman 31 jier as strafadvokate. Yn de jierren tachtich wie hja bestjoerslid foar Nederlân fan Women’s World Banking, in organisaasje dy't mikrokrediten joech oan froulju yn de Tredde Wrâld.

Yn 2011 waard de PSP-affysje troch de besikers fan de tentoanstelling 'De kiezer' ferkeazen ta "bêste ferkiezingsposter sûnt 1918". Doe al slim siik posearre se foar it affysje dat har yn Nederlân ferneamd makke hie.

Sûnt 1972 wie hja de libbenspartner fan skriuwer en oersetter Peter Verstegen.

Films bewurkje seksje

Musikals bewurkje seksje

  • Hair, 1972, froulike haadrol

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: