De Sayaguesa, ek wol Zamorana neamd, is in âld koweras út Sajago yn de provinsje Zamora yn it Spaanske autonome gebiet Kastylje en León.

Sayaguesa-ko

De bisten binne grut; folwoeksen kij wage 600 – 700 kg, bollen 1000 - 1100 kg. Fanâlds waard it ras as wurkbist brûkt. Sy binne swart mei in iel-grize rêch. De hoarnen lykje in soad op dy fan de Oerokse. Der binne noch mar in stikmannich Sayaguesa's oer - it ras jildt as bedrige yn syn bestean.

Keppelings om utens

bewurkje seksje