Schweinfurt is in stêd yn it noardwest fan 'e Dútske dielsteat Beieren. De stêd leit oan 'e Main en hat in oerflak fan 35,71 km².

Schweinfurt
Riedshûs.
Riedshûs.
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Beieren
Stedsyndieling 15 Stadtteile
Sifers
Ynwennertal 54.675 (2022)
Oerflak 35,7 km²
Befolkingsticht. 1.532 ynw./km²
Hichte 226 m boppe seenivo
Oar
Stifting 97421, 977422, 97424
Koördinaten 50° 2' N 10° 14' E
Offisjele webside
www.schweinfurt.de
Kaart
Schweinfurt (Beieren)
Schweinfurt

As útsûndering op 'e Dútske regel bestiet Schweinfurt hast hielendal út de stêd sels, sadat it tal ynwenners lyts liket yn ferlikening mei it lokale belang fan 'e stêd. De stêdekloft, wêrfan de stêd it sintrum is, telt goed 100.000 ynwenners en it is ien fan 'e 9 Beierske stêdekloften. Alle dagen reizgje goed 40.000 wurknimmers nei de stêd. De stêd hat in fersoargingsgebiet foar in befolking fan sa'n 759.000 (2019) minsken en is foar de hast 1 miljoen ynwenners fan 'e regio Mainfranken yn maksimaal in oere te berikken.

Schweinfurt waard yn 791 foar it earst neamd yn 'e Codex Edelini fan it kleaster fan Weißenburg. Yn de 10e iuw bouden de markgreven fan Schweinfurt harren kastiel boppe de Main op 'e Peterstirn. De hjoeddeiske âlde stêd om it Marktplatz ûntstie lykwols yn 'e 12e iuw, doe't de Hohestaufen hearksen. De stêd ûntwikkele him ta in frije ryksstêd yn it Hillige Roomske Ryk. De stêd boude stedsfersterkings, dy't foar in diel oan de dei fan hjoed bewarre bleaun binne. Yn 1542 gie de stêd mei de reformaasje oer op it protestantisme en waard it katolisisme marzjinalisearre en waarden alle tsjerken protestantsk. Mei it Beierske religy-edikt fan 1803 waard it wer mooglik om yn 1806 in katolike parochy te stiftsjen.

 
De stêd op in gravuere út 1648 fan Matthäus Merian.

Yn 'e Tritichjierrige Kriich (1618–1648) iepene de stêd yn 1631 de poarten foar de Sweedske kening Gustaaf II (regear: 1611–1632). It Sweedske bewâld einige wer yn 1634, doe't keizerlike troepen de stêd tolve jier lang yn besit namen. Yn 1647 oermasteren de Sweedske troepen de stêf fannijs. Alhoewol't de stêd dêrby al wat skansearrings oprûn, slagge de stêd der fierder yn om sûnder grutte skea de kriich te oerlibjen. Under de Sweedske fjildmaarskalk Carl Gustaf Wrangel waard de stedsmuorre útwreide mei in modern fort en skânsen.

Yn 1632 besocht Gustaaf II Adolf in universiteit te stiftsjen, itjinge troch syn iere dea lykwols mislearre. Yn 1652 waard yn Schweinfurt lykwols de âldst besteande Akademy fan Natoerwittenskippen fan 'e wrâld oprjochte: de Dútske Akademy fan Natoerwittenskippen Leopoldina, dy't sûnt 1878 yn Halle stiet en sûnt 2008 de namme Deutsche Akademie der Wissenschaften Leopoldina (Dútske Akademy fan 'e Wittenskippen Leopoldina) draacht. Dat wie dus earder as de Royal Society yn Londen (1660) en de Académie des sciences yn Parys (1666).

Yn 1780 sette de yndustrialisaasje yn Schweinfurt útein. Yn 'e 19e iuw waarden dêr belangrike ûnderdielen fan ús hjoeddeiske fyts útfûn.

 
B-17F formaasje boppe Schweinfurt op 17 augustus 1943.

Om't yn Schweinfurt yn 'e Twadde Wrâldkriich wichtige yndustry stie foar de produksje fan rôljende lagers foar tanks en fleantugen, hie de stêd de bêste loftferdigening fan Dútslân. By de earste oanfal op 'e stêd op 17 augustus 1943 as ûnderdiel fan Operaasje Double Strike hiene de Amerikanen al te meitsjen mei swiere ferliezen. De twadde oanfal op 14 oktober 1943 boppe de stêd ferrûn foar de Amerikanen jammerdearlik en betsjutte foar de Amerikaanske loftmacht de grutste nederlaach yn syn skiednis (Swarte Tongersdei). De ferliezen wiene sa grut, dat de loftoanfallen op Dútske stêden dêrnei twa moannen lang ûnderbrutsen waarden. By de 22 loftoanfallen op 'e stêd waarden 40% fan 'e bebouwing en 80% fan it yndustrygebiet ferneatige. Op 11 april 1945 besetten Amerikaanske troepen de stêd.

De werieniging fan 'e beide Dútslannen hie foar Schweinfurt positive gefolgen en de stêd ûntwikkele him dêrnei ta in belangryk ferkearsknooppunt en logistyk sintrum. Belangrike wurkjouwers yn 'e stêd binne taleveringsbedriuwen fan technology foar de automobyl- en masinebouyndustry.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • De protestantske Jehannestsjerke oan it Martin-Luther-Platz is de âlde tsjerke fan Schweinfurt. De âldste dielen binne 13e iuwsk. De tsjerke hat in doopfont út 1367, in ryk fersierde preekstoel út 1649 en in ier-klassisistysk heechalter.
  • De katolike trijeskippige Hillige Geasttsjerke is in neoromaansk gebou fan Anton Leipold út de jierren 1897–1902.
  • It âlde riedshûs oan it Marktplatz is in renêssânsegebou út 1570-1572.
  • Fan 'e eardere stedsmuorren binne stikken muorren en tuorren bewarre bleaun.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Schweinfurt, ferzje 2 juny 2024.