Seahopper

(Trochferwiisd fan Seahopper Kondor)

De Seahopper is in ien- of twapersoans optearboat mei is stekswurd. De romp is in opboud út fjouwer panielen dy't iepentearje ta in knikspant, mei preamstjûnen. Seahoppers kinne brûkt wurde as roeiboat, as in moterboatsje of as sylboat. As sylboat binne de Seahoppers ornaris gaffeltúch. De seilen fan in Seahopper hawwe lang read west, fanwege de sibskip mei de Mirror, mar tsjintwurdich binne der ek wer Seahoppers mei wite seilen.

Lighter as roeiboat
 
Lighter as seilboat

De Seahopper is yn 1974 ûntwikkele troch Geoff Lennard. In tsien jierren letter hat er it bedriuw oerdien oan syn wurknimmer Steve Rea.[1] Oant 1997 hie it bedriuw allinnich de twa lytsere modellen. Dat jier, lykwols, waard fanwege in fersyk fan Mark Walters de Kontender ûntwikkele: In gruttere sylboat dy't like op de Mirror. In pear jier lang hawwe Rea and Walters tegearre de trije modellen boud en ferkocht. Lykwols gongen hja likernôch 2002 út elkoar, en kamen der twa makkers fan Seahoppers: Seahopper and Stowaway. Stowaway moast fanwegen in rjochtssaak de boaten in oare namme jaan. Troch de jierren kamen der ek mear ferskillen tusken de boaten fan de twa. Letter gong Stowaway oer op in keunststof model, mar it bedriuw is sûnt ophâlden (foar 2017).

Der binne trije modellen fan Seahoppers:[2]

De Scamp is it lytste model Seahopper, 2,03m lang. It is in lytse roeiboat, en der kin in hâlder foar in oanhingmotor op setten wurde dat it model mei motor brûkt wurde kin. Der binne twa soarten túch foar it silen: Der kin in lôgertúch op brûkt wurde of in gaffeltúch mei allinnich in grutseil.

Tusken 1997 en 2000 waard dit model oantsjut as SeaScamp, en dêrnei waard it de Crafty Scamp. Sûnt begjin 2017 is it de Scamp.

Dit is it middelste model, wat alle tugen en opsjes brûke kin. De Lighter is 2,40m lang. It model kin brûkt wurde as roeiboat, as motorboat en as sylboat. As sylboat kin de Lighter mei deselde tugen syld wurde as op de Scamp. Lykwols kin der ek in folslein túch fierd wurde, krekt as by de Kondor.

Oant de yntroduksje fan de Kontender/Kondor wie dit it grutste model, de 7'10"'. Mei de yntroduksje fan de Kontender yn 1997 waard it middelste model de 7-tender of Seven-tender, in wurdspiling op de nammen en de mjitte. Nei't de makkers útelkoar gongen wienen, waard dit de Nifty Fifty, dêr't de "fyftich" in oantsjutting by wie dat it it middelste model wie. Sûnt begjin 2017 is dit model de Lighter.

Dit is it grutste model Seahopper, 3m lang. It model is as de Kontender ûntwurpen, yn 1997, as optearboat-alternatyf foar de Mirror, lichter en kompakter. De namme, dy't meitinger betsjut, tsjut ek op it alternatyf foar de Mirror. De namme waard nei it útelkoar gean brûkt foar de Stowaway-ferzje,. De Seahopper-ferzje is sûnt de Kondor, in soartgelikense namme nei de fûgel mei de grutste wjukken, de Kondor.

Ek in Kondor kin brûkt wurde as roeiboat of motorboat. Om te silen is der in gaffeltúch, mei grutseil en fok.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

referinsjes:

  1. Carrie Lennard, yn in reaksje op in artikel op around Wellington http://www.aroundwellington.co.uk/wellington-boats-travel-the-world
  2. Seahopper Folding Boats