Seeslach, ek wol Solitêre Seeslach of Slachskip, is in logikaspultsje basearre op it spultsje Seeslach. It oantal skipfekjes yn elke kolom en rige wurdt op de puzel oanjûn. De bedoeling is om troch redenearjen út te finen wêr’t de marineskippen lizze. Dizze puzelsoarte en in protte farianten binne brûkt yn ferskate puzelspultsjes, by it Wrâldkampioenskip Puzeljen en yn puzelboekjes. [1] [2]

Opjefteruster
Oplossing

De solitêre ferzje fan Seeslach ferskynde yn 1982 yn Argentynje ûnder de namme ‘’Batalla Naval’’. De earste publisearre puzels stiene dat jier yn it Spaanske tydskrift Humor & Juegos. Seeslach waard betocht troch Jaime Poniachik, de oprjochter fan Humor & Juegos. Oare redaksjeleden wiene Eduardo Abel Gimenez, Jorge Varlotta, en Daniel Samoilovich. Nei 1982 waarden gjin Seeslachpuzels mear publisearre. Pas fiif jier letter ferskynden se wer yn Juagas Para Gente de Mente, in werneamde ferzje fan Humor & Juegos. De útjouwer fan Juegos Para Gente de Mente publisearre geregeld Seeslachpuzels yn it moanneblêd Enigmas Lógicos.

Seeslach waard populêr neidat it yn 1992 spile waard op it earste Wrâld Puzelkampioenskip yn New York. Op it earstfolgjende WK Puzeljen fan 1993 ferskynde in fariant fan ‘’Sea Battle’’. Dêrby wiene guon fan 'e rige- en kolomnûmers weilitten. Oare farianten dy't nei ôfrin opkamen wiene Heksagonale Seeslach, 3D Seeslach en Diagonale Seeslach. [3][4]

Seeslach waard foar it earst publisearre yn it tydskrift ‘’Games’’ yn 1993, it jier nei it earste WK Puzeljen. It bleau dêrnei in regulier puzelsoarte fan it tydskrift. Yn Nederlân en Flaanderen is de puzel te finen yn ‘’Breinbrekers’’ fan ûnder oaren ‘’Denksport’’. In Dútslân is it spultsje Bimaru neamd nei it yn 2006 offisjeel registrearre hannelsmerk fan ‘’Rätsel Agentur Schweiz’’ .[5] It wurdspul fan de Züricher grafikus Stefan Haller moast basearre wurde op de wrâldferneamde Sudoku en moast troch de letterfolchoarder “mar” assosearre wurde mei de skipfeart. De namme mocht lykwols gjin net yn ferbân brocht wurde mei oarloch en sinkende skippen. Yn oare lannen is it spul ek bekend as Battleship Solitaire, Solitaire Naval Puzzle, Solitaire Battleships, Yubotu of Batoru.

Yn Seeslach is in float fan slachskippen ferburgen yn in fjouwerkant ruster fan 10 × 10 hokjes. [6] De float bestiet út:

Oantal
skippen
Skipstype Ofmjitting
yn hokjes
1 x Slachskip 4
2 x Kruser 3
3 x Torpedoboatjager 2
4 x Underseeër 1
  • It nûmer oan de ein fan elke rige of kolom jout oan hoefolle hokjes beset wurde troch skippen of skipeleminten.
  • Skippen meie elkoar net horizontaal, fertikaal en ek net diagonaal reitsje. Dit betsjut dat elk skip folslein omjûn wurde moat troch wetter (as râne).
  • Skippen meie wol tsjin de rânen fan it roaster oanlizze, sawol yn de lingte as oan de foarkant.

Farianten fan Solitêre Seeslach hawwe gruttere/lytsere rusters (mei ferlykbere feroarings yn de grutte fan de ferburgen float), lykas ek mei in heksagonaal roaster.

  • De basisstrategy foar it oplossen fan in Seeslach is om dielen fan ûnfolsleine skippen oan te foljen. Of troch wetter te tekenjen yn fjilden dêr’t bekend fan is dat se diel fan in skip binne. It is ek mooglik om te sjen nei skippen yn in rige of kolom wêrfan it oantal gelyk is oan it oantal lege fjilden yn dy rige of kolom.
  • Mear avansearre strategyen binne om te sykjen nei plakken dêr’t it grutste skip past dat noch net fûn is yn it ruster.
  • Der kin ek socht wurde nei rigen en kolommen dy't hast ynfold binne en in manier fine om se fol te krijen. [7]

Kompjûters en Seeslach

bewurkje seksje

Seeslach is in NP-folslein probleem. [8] Der is dus in ferbân tusken de kompleksiteit fan in soad problemen dy 't yn de wiskunde en ynformatika as "dreech" beskôge wurde. Yn 1997 joech Moshe Rubin, in eardere redakteur fan de rubryk Seeslach yn Games Magazine, Fathom It! frij, in populêre ymplemintaasje fan Seeslach. [9]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Peter Gordon, Mike Shenk - Yubotu: Sink the Fleet in these Addictive Battleship Puzzles. Conceptis Puzzles. New York City, NY: Sterling Publishing Compan, Inc ISBN 1-4027-4189-8.
  • Peter Gordon, Mike Shenk – ‘’Solitaire Battleships: 108 Challenging Logic Puzzles.’’
  • M. Sevenster -Zeeslag als Besluitprobleem, ICGA Journal (digitaal), Vol. 27, nr. 3, s. 142–149 (2004) ISSN 1389-6911.

  1. WK Puzeljen - 2000 WPC
  2. Games World of Puzzles Gamesmagazine
  3. Fariaasjes fan Seeslach
  4. Skiednis fan Seeslach
  5. Bimaru-webside
  6. Gordon, Peter, Mike Shenk. "Inleiding". Yubotu: Sink de Vloot in deze Verslavend Battleship Puzzels . Conceptis Puzzels. New York, NY:. Sterling Publishing Company, Inc side 5-6 ISBN 1-4027-4189-8
  7. Peter Gordon en Mike Shenk, Yubotu: Sink the Fleet in these Addictive Battleship Puzzles, Conceptis Puzzles. Sterling Publishing Company, Inc., New York City, NY [2006], “Introduction”, 5–6. ISBN 1-4027-4189-8
  8. M. Sevenster 2004, 'Seeslach as Beslissingsprobleem', ICGA Journal (digitaal), Vol. 27, No. 3, siden 142-149. ISSN 1389-6911. 5 septimber 2007
  9. [ http://www.mountainvistasoft.com/reviews.htm Wat minsken sizze oer Fathom It!]