In segmintbôge (of in platte bôge) is in bôge mei in lytsere hoek as 180°. De segmintbôge is dus lytser as in heale sirkel en dêrtroch is de segmintbôge flakker as de healrûne rûnbôge. De sydlingse druk is by in segmintbôge grutter as by de rûnbôge. Dêrom wurde segmintbôgen foar lytsere oerspannings tapast, lykas by ramen of doarren.

Segmintbôge

De flakke segmintbôgen binne in foardiel by wide oerspannings yn brêgen. By brêgen wurdt de driuwende krêft fan de segmintbôgen oerbrocht yn 'e oangrinzende boaiem. Dêrtroch kinne brêgen mei segmintbôgen folle flakker boud wurde as brêgen mei healrûne bôgen.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tekenings fan Bôgen fan Wikimedia Commons.