In seilmakker makket en reparearret seilen foar sylboaten, kites, hang gliders en seilen dy't brûkt wurde yn de arsjitektuer,[1] of oare struktueren wêr't seil by brûkt wurdt. Oan 'e wâl wurket de seilmakker yn in seilmakkerij, allinne as mei oaren. Eartiids hiene grutte sylskippen meastentiids in seilmakker by de bemanning, dy't de seilen ûnderhâlde en reparearre.

De seilmakker, kopergravuere (1698) fan Christoph Weigel de Aldere
In seilmakker oan 't wurk oan board fan in skip (1774)

In moderne seilmakker brûkt ek de kompjûter foar it ûntwerpen fan in seil en troch in kompjûter stjoert ark. At it ûntwerp fan in seil klear is, kin it bygelyks mei in laser yn de eksakte foarm snijd wurde. Eartiids wiene seilen meast fan katoen, no wurde ek seilen fan keunststoffen makke. De 'brune float' hat noch wol ferlet fan ambachtlik makke seilen.

Dat de seilmakkerij yn de bedelte rekke kaam fral trocht de opkomst fan de stoomskippen en de yntroduksje fan 'e ferbaarningsmotor op skippen. In protte seilmakkerijen giene sadwaane oer op it meitsjen fan produkten lykas dekseilen foar skippen en frachtweinen, mar ek fan sinneskermen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.archsails.com/