Sekarja fan Israel
Sekarja (Hebriuwsk: זכריהו) folge syn heit Jerobeäm II op as kening fan Israel.
Syn regear yn Samaria moat earne tusken de jierren 746 en 752 foar Kristus datearre wurde en duorre mar seis moannen. Sekarja feroare neat oan it religieuze belied dat kening Jerobeäm I yntrodusearre hie, nammentlik de oanbidding fan oare goaden dan de God fan Israel.
Tsjin Sekarja waard troch Sjallûm, in soan fan in sekere Jabesj, gearspand en dy deade de kening yn it fermidden fan in soad folk. Dêrnei liet Sjallûm himsels ta kening kroane, mar it regear fan de nije kening soe noch koarter duorje dan it regear fan syn foargonger Sekarja.
Mei de moard op Sekarja kaam in ein oan de dynasty fan it hûs fan Jehû. Hjirmei waard neffens de Skrift de profesije oan Jehû ferfolle dat syn soannen oant if fjirde geslacht hearskje soene oer Israel.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|