Seksuele identiteit

hoe't men oer jinsels tinkt mei it each op seksuële oantrekking en romantyske foarkar
(Trochferwiisd fan Seksuële identiteit)

Mei jins seksuele identiteit wurdt bedoeld hoe't men oer jinsels tinkt mei it each op seksuele oantrekking en romantyske foarkar. De seksuele identiteit is nau besibbe oan geslachtsidentiteit en seksuele oriïntaasje, mar is net itselde; geslachtsidentiteit is it (subjektive) gefoel dat men hat oer jins eigen geslacht en hoe't men dat persoanlik belibbet, wylst seksuele oriïntaasje de (objektive) oantrekking ta seksuele partners ynhâldt.

Jins seksuele identiteit hoecht net oerien te kommen mei jins seksuele oriïntaasje. Yn slim homofobe maatskippijen of subkultueren ûnderdrukke homoseksuele, lesbyske en biseksuele persoanen harren aard faak sasear, dat se der sels foar harsels oer net foar útkomme of foar doare út te kommen. Yn sa'n sitewaasje is de seksuele identiteit fan sokke lju heteroseksueel, wylst harren seksuele oriïntaasje dat net is.

In seksuele identiteit kin geandewei it libben ek feroarje, wylst dat mei in seksuele oriïntaasje net sa is. Dit ferklearret dan ek de manlju en froulju dy't fan harsels miene dat se heteroseksueel binne, faak yn 'e iere folwoeksenens al trouwe en in gesin stiftsje, mar jierren letter "ynienen" homoseksueel of lesbysk "wurde", skiede fan harren partner, en in relaasje begjinne mei in nije partner fan itselde geslacht. Sokke lju hawwe fansels altiten al homoseksueel of lesbysk west, mar troch omstannichheden dy't fan alderlei soarte wêze kinne, hiene se it earder net beseft, of hiene se it ûnderdrukt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.