De seksyndustry is de sektor fan 'e ekonomy dy't produkten en tsjinsten te keap oanbiedt dy't op direkte of yndirekte wize mei seks te krijen hawwe.

In Dútske prostituee.

By de 'direkte' seksyndustry giet it om direkte fysike omgong; dan moat men tinken oan alle foarmen fan prostitúsje (bordelen, finsterprostitúsje, callgirls, ensfh.), mar ek oan stripklubs, peareklubs en peepshows. Yndirekte foarmen fan 'e seksyndustry binne pornografyske films en lektuer (lykas pornoblêden), mar ek neakenblêden, pornokanalen op 'e keabeltillefyzje, pornobioskopen, tillefoanyske sekslinen, sekswinkels, seksboartersguodprodusinten en de fabrikanten fan BDSM-attributen en oare fetisjistyske helpstikken.

Persoanen dy't har wurk hawwe yn sichtbere beroppen fan 'e seksyndustry, lykas prostituee, stripper, webcamgirl of neakenmodel, neamt men sekswurkers. Der wurkje lykwols teminsten likefolle persoanen yn 'e seksyndustry yn 'ûnsichtbere' beroppen, lykas poaiers, stripklubeigners, barkeepers, servearsters en útsmiters yn stripklubs, pornoregisseurs, pornoprodusinten, kameralju en minsken dy't de beljochting en it lûd dogge by pornofilms, útbaters fan pornobioskopen, sekstillefonistes, neakenfotografen, útjouwers fan porno- en neakenblêden, sekswinkellju, webmasters fan pornografyske websiden en wurknimmers fan bedriuwen dy't seksboartersguod meitsje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.