Selemalje
Selemalje as Email cloisonné is in dekorative emaljetechnyk wêrby't flakjes emalje fan elkoar skieden wurde troch metalen rântsjes.
Skiednis
bewurkje seksjeSelemalje is ûntstien yn it Heine Easten of it klassike Egypte. Yn Jeropa wurdt it sûnt de 7e iuw brûkt, mei as hichtepunt de Byzantynske keunst fan om it jier 1000 hinne. Fan it Byzantynske ryk út kaam it fia de Sidewei nei Sina dêr't it fierder ûntwikkele waard.
Proses
bewurkje seksjeOp de metalen ûndergrûn dêr't it emalje op oanbrocht wurde moat wurde smelle, bûgbere stripen metaal soldearre, dy't fakjes, sellen, foarmje. Dy sellen foarmje de oergongen yn de dekoraasje. By it oanbringen fan in fêst patroan wurdt dat faak yn it foar mei in sjabloan op de ûndergrûn tekene, dat dúdlik is hoe't de stripen krekt bûgd wurde moatte.
Eltse sel wurdt folle mei emalje, faak yn ûnderskate kleuren. It gehiel wurdt dan neffens it gewoane emaljearproses behandele. Dêrby moat lykwols fral it ôfkuoljen tige hoeden dien wurde, om foar te kommen dat troch de oergong fan glês nei metaalrâne barsten ûntsteane. Nei it ôfkuoljen wurdt it gehiel ôfskuorre oant it nivo fan de metaalstripen, dat alle linen fan de dekoraasje sichtber binne, en dan wurdt it stik polyst.