De Selz is in 61 km lange, súdlike en lofter sydrivier fan 'e Ryn en ien fan 'e belangrykste rivieren fan Rynhessen.

Selz
geografy
lân flagge fan Dútslân Dútslân
ûntspringt yn Orbis
lokaasje boarne 49° 41' N 7° 59' E
mûnet út yn Ryn
lokaasje mûning 49° 59' N 7° 59' E
sifers
lingte 63 km
hichte boarne 327 m
hichte mûning 80 m
ôfwetteringsgeb. 375 km²

De boarne fan 'e Selz leit op 319 m hichte by Orbis oan 'e noardlike râne fan 'e Donnersbergkreis yn 'e Palts. De rivier streamt oer de grins fan 'e Palts nei Rynhessen en nei likernôch 8 km rint de rivier foar in diel ûnder Alzey troch. De Selz giet dêrnei by Gau-Odernheim, Nieder-Olm en Ingelheim lâns en mûnet lang om let yn 'e Ryn út by Frei-Weinheim (in wyk fan Ingelheim).

Tusken 1958 en 1963 waard de Selz rjochtlutsen en tusken diken ôfwettere. Dêrtroch waard ek it risiko op oerstreamings folle grutter. De lokale natoerferiening Seltztalverband hat sûnt de jierren 1990 de rivier tusken Hahnheim, Undenheim en Sörgenloch in natuerlike rin werom jûn. Dêrmei waarden de uterwaarden en biodiversiteit ferbettere.

By de rivier lâns rint in fyts- en kuierpaad.

 
Boarne.

De Selz streamt lâns of troch de folgjende plakken:

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Selz fan Wikimedia Commons.