Semint (boumateriaal)

Semint is in fluch hurdzjend bynmiddel dat brûkt wurdt foar bouwurken. It is in fynmealle materiaal dat nei it mingen mei wetter in plastyske massa foarmet. Semint bestiet benammen ut kalsiumwetterstofsilikaat en hurded likegoed yn de bûtenloft as ûnder wetter. Mei semint kinne derfoar geskikte materialen oanienkit wurde ta in stabyle massa. It wurdt benammen brûkt as grûnstof foar beton en mitselspeesje.

Pûden semint

Gearstalling

bewurkje seksje

Der binne ferskillende soarte semint mei in lytser of grutter gehalte oan portlânsemint en heechovensemint. Se wurde oantsjutte mei CEM I oant en mei CEM V.

  • CEM I: Portlânsemint mei maksimaal 5% oare stoffen
  • CEM II: Alderlei mingfoarmen mei portlânsemint en bygelyks laaistien, minimaal 65% portlânsemint
  • CEM III: Heechoven/portlânsemint mingsel yn 3 klasse: A, B en C; wêrby CEM III/A de minste (40%) en CEM III/C de measte (90 %) heechovenslak befet.
  • CEM IV: Puzzolaansemintsoarten
  • CEM V: Komposytseminten, mei mingsels fan portlânsemint, heechovenslak en puzzolanen.

Der binne 3 klasse semint: C 32,5, 42,5 en 52,5. De yndeling yn klasse bard troch in drukproef mei in mortelprisma nei 28 dagen. Mortel fan klasse C 52,5 mat dan op syn minst in druksterkte fan 52,5 MPa hawwe.

De mortelprisma bin dêrby baseare op in standert ferhâlding fan semint, wetter en sân.

  • Klasse 32,5 wurdt brûkt foar tapassingen wer gjin hege oanfangsterkte en gjin flugge untkisting easke is. Dit type wurdt net oanret yn’e winter, de dochs al stadige reaksje jout yn kâld waar in tige stadige reaskje.
  • Klasse 42,5 wurdt meastal tapast yn gefallen wêrby de druksterkte fan mortel/beton op 28 dagen oer de 30 N/mm² gean moat.
  • Klasse 52,5 jout fluch in hege oanfangsterkte en wurdt dêrtroch foar prefabisearre eleminten brûkt.