Senlis is in plak en gemeente yn it noarden fan Frankryk. Foar it lân hat Senlis in wichtige keunst- en kultuerhistoaryske bydrage levere.

Senlis
Flagge Wapen
Polityk
Lân Frankryk
regio Opper-Frankryk
departemint Oise
Sifers
Ynwennertal 14.760 (2019)
Oerflak 24,05 km²
Befolkingstichtens 614 km²
Stêdekloft 15.187 (2019)
Hichte 47-140 m meter boppe seenivo
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 49° 12' N 2° 35' E
Webside www.ville-senlis.fr

Senlis leit oan de rivier de Nonette, likernôch 50 kilometer noardlik fan Parys. De haadstêd fan it departemint, Beauvais, leit ek sa'n 50 kilometer fan Senlis en 33 kilometer noardlik fan de stêd leit in oare wichtige stêd fan it departemint, Compiègne. Foar de weryndielings fan 2016 lei Senlis yn de histoaryske kultuerregio Pikardje.

 
Senlis yn de 17e iuw

Yn de Romeinske tiid wie Senlis ûnder de namme Augustomagus de haadstêd fan de Civitas Silvanectum, ien fan de bestjoersdistrikten fan de provinsje Belgica Secunda. Silvanectes is de Latynske namme fan in Keltyske stamme út dy omkriten. Dy namme feroare yn de rin fan de tiid lang om let ta it hjoeddeiske Senlis.

Sûnt de kroaning fan Hugo Capet wie Senlis foar in skoft de keninklike residinsjestêd fan Frankryk. De stêd makke yn de 12e en 13e iuw syn grutste bloei mei.

Yn de Earste Wrâldkriich waard Senlis op 2 september 1914 troch de Dútsers beset. Om't de Dútsers by it yngean fan de stêd besketten waarden, fusilearren de Dútsers doe seis minsken wêrûnder de boargemaster. Dêrnjonken waarden likernôch 110 hûzen oan de Rue de République en de Rue Bellon en it Palais de Justice yn 'e brân stutsen. It foarfal feroarsake in soad dalje en waard fakentiden brûkt yn 'e propaganda tsjin Dútslân. Op 10 septimber fan itselde jier waard de stêd troch de Frânsen werom ferovere.

Befolkingsûntwikkeling gemeente Senlis

bewurkje seksje
Jier 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2008 2019
Ynwenners 9.371 11.169 13.639 14.514 14.439 16.327 16.285 15.187

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • Cathédrale Notre Dame de Senlis (Us-Leaffrouwe fan Senlis)
  • Chapelle royale Saint-Frambourg (Keninklike kapel fan Sint-frambourg)
  • Ancienne église Saint Pierre (âlde Sint-Petrustsjerke; oant de Frânske Revolúsje de wichtichste parochytsjerke fan Senlis)
  • Prieuré Saint Maurice (Sint-Mauritiuspriorij)
  • de resten fan de fortifikaasjes om de binnenstêd
  • Ancienne abbaye Saint Vincent, 30 Rue de Meaux (Sint-Finsintiusabdij)
  • De resten fan it keninklik paleis mei it park
  • 1e iuwske oerbliuwsels fan Augustomagus (arena) en de muorre út de 3e iuw.
  • Musée d’Art et d’Archéologie (keunst en argeology, ûnderbrocht yn it eardere biskoplike paleis)
  • Musée des Spahis (Militêr museum foar it koloniale kavaleryregimint)

Keppeling om utens

bewurkje seksje