Setspegel
It beprinte part fan in side hjit de setspegel. Mei’t in side eins nea yn syn hiele hear en fear mei tekst beprinte wurde sil, hat de setspegel wite rânen om him hinne, de wytmarzjes. In part fan de setspegel kin lykwols oan de râne fan it papier trochrinne: dat prosedee wurdt benammen by byldmateriaal tapast, sadat der bûten de yllustraasjes gjin wyt mear is. By byldfoljende yllustraasjes wurdt sels de folsleine setspegel negearre. De yllustraasjes hjitte dan ôfrinnend.
Posysjonearring
bewurkje seksjeIt gehiel fan setspegel, marzjes en ôfrinnende stikken, dus de fisuele yndruk dy’t it blêd útstrielet, hjit blêdspegel. De posysjonearring fan de setspegel op de blêdspegel folget ferskate regels, ôfhinklik fan de útjouwer en syn útjouformule, of yn guon gefallen fan de foarmjouwing fan it boek (of oare útjefte) as totaalkonsept.
Farianten
bewurkje seksjeIén mooglik stramyn giet út fan in ‘’spread’’ (twa iepentearde siden njonkeninoar), wêrby’t de bûtenhoeken troch tinkbyldige diagonalen ferbûn wurde (ôfb. 1). De bûtenste hoeken fan de setspegel fan elke side moatte dan yn alle gefallen elk op ien fan de diagonalen lizze; dêr binne ferfinings op mooglik (ôfb. 3). Der binne lykwols ek in soad oare farianten dy’t fan gâns oare, bytiden ferrassende útgongspunten út geane. Sa binne der útjeften wêrby’t it tekstblok op de lêste side fan in haadstik as fjouwerkant set wurdt, wat bot ôfwikende marzjes opsmyt, dy’t dêrtroch sels as fisueel elemint opfalle sille (ôfb. 2).
-
De diagonaalkonstruksje yn mear detail
Earste ûntwerpfaze -
Twadde ûntwerpfaze -
Brûken fan de ‘gulden snede’ -
Blêdspegel mei ôfrinnend byld(c)