Severodonetsk (Oekraynsk: Сєвєродонецьк, Russysk: Северодонецк) is in stêd yn 'e Oekraynske oblast Lûhansk. Grutte stêden yn 'e omkriten binne Lysytsjansk en Rûbizjne.

Severodonetsk
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Oekraïne Oekraïne
oblast Lûhansk
Sifers
Ynwennertal 99.067 (2022)
Oerflak 42,1 km²
Hichte 51 m
Oar
Stifting 1934
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 48° 56' N 38° 26' E
Offisjele webside
www.sed-rada.gov.ua
Kaart
Severodonetsk (Oekraïne)
Severodonetsk

Skiednis bewurkje seksje

It plak ûntstie yn 1934 om it gemyske fabryk Azot, noch jimmeroan de grutste wurkjouwer yn 'e kontreien. De stêd leit oan 'e rivier Severski Donets, dêr't de stêd yn 1950 nei ferneamd waard. Foar 1950 wie de namme fan it plak Lischimstroj.

Donbas-oarloch bewurkje seksje

Nei it ôfsetten fan 'e sittende pro-Russyske Oekraynske president Viktor Janûkovitsj op 22 febrewaris 2014 en der nije presidentsferkiezingen waarden útskreaun, ûnstie op 12 april dat jier de oarloch yn 'e Donbas, dêr't in grutte Russyske minderheid wennet. Yn maaie waard Severodonetsk ynnommen troch in 1.000 man sterke separatistyske beweging. Tagelyk mei de ôfsetting fan Viktor Janûkovitsj waarden betidere presidentsferkiezingen útskreaun op 25 maaie 2014, mar dy waarden yn Severodonetsk net holden, om't de separatisten de stêd op dat stuit al yn hannen hiene.

Op 22 july 2014 oermasteren Oekraynske troepen nei in fûle striid de stêd op 'e separatisten werom. Sûnt de stêd Lûhansk oan it begjin fan it konflikt yn 'e Donbas al yn hannen foel fan separatistyske troepen, tsjinne Severodonetsk tusken 2014 en 2022 as it bestjoerlike sintrum fan 'e oblast Lûhansk.

Russyske ynfaazje 2022 bewurkje seksje

 
Russyske oanfal op it sintrum fan de stêd (30 maaie 2022)

Nei de Russyske ynfaazje yn 2022 waard de stêd swier ûnder fjoer nommen troch Russyske troepen en wie it de frontstêd yn 'e Slach om 'e Donbas, sadat grutte dielen fan 'e stêd fernield waarden, ynklúsuf wenwiken. Op 25 juny 2022 waard de stêd folslein oarmastere troch Russyske en separatistyske troepen. Sûnt dy tiid is de stêd beset en wurdt de stêd bestjoerd troch Ruslân.

Demografy bewurkje seksje

Befolkingsferrin bewurkje seksje

Jier 1939 1959 1970 1975 1991 2009 2023
Ynwenners 5.000 33.200 90.000 107.000 131.000 121.000 32.000

De etnisiteit fan 'e stêd neffens de Oekraynske folkstelling fan 2001:

  • Oekraïners: 59%
  • Russen: 38.7%
  • Wyt-Russen: 0.6%
  • Oars: 1.7%

Ekonomy bewurkje seksje

Tegearre mei de oanbuorjende plakken foarmet Severodonetsk in stêdekloft mei in soad gemyske yndustry. Severodonetsk Azot is de grutste chemyske ûndernimming fan Oekraïne.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Sievierodonetsk