Shirin Ebadi (1947) is in Iraanske juriste. Yn 2003 hat sy de Nobelpriis foar de Frede krige foar har striid foar de rjochten fan froulju en bern yn Iran. Sy wie de earste moslemfrou dy't de priis wûn hat. By it oannimmen fan de priis, op 10 desimber 2003 hie se in bulte kritiek op steaten dy't sûnt 11 septimber 2001 ûnder it mom fan de striid tsjin it ynternasjonale terrorisme de universele minskerjochten skeine.

Shirin Ebadi

Ebadi wie in froulike rjochter yn Iran. Nei de islamityske revolúsje yn 1979 moast se har wurk dellizze. Froulju mochten doe gjin rjochter mear wêze, omdat se neffens de ayatollahs te emosjoneel binne foar soksoarte funksjes.

Ebadi waard dosinte rjochten oan de Universiteit fan Teheran, en rekke ynternasjonaal ferneamd as abbekate foar de minskerjochten. Se wie de ûnoffisjele wurdfierder foar de froulju dy't yn 1997 in belangrike rol spilen by de ferkiezing fan Mohamad Khatami as presidint.

Yn 2000 waard Ebadi ûntslein, en op 28 juny 2000 waard se yn 'e hechten set. Letter waard hja ta in finzenisstraf ûnder betingsten fan fyftjin moanne feroardiele.

Publikaasjes

bewurkje seksje
  • The Rights of the Child. A Study of Legal Aspects of Children's Rights in Iran (1994)
  • History and Documentation of Human Rights in Iran (2000)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: