Sibrandabuorster Feart
De Sibrandabuorster Feart is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De feart rint fan de Snitser Aldfeart troch Sibrandabuorren nei it súdeasten. Foar de Sibrandabuorster Sylroede nei de Snitser Mar oer komt de feart út yn de Dyksgrêft.
De namme Sibrandabuorster Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Sijbrandabuurstervaart.