Siebe Johannes ten Cate (Snits, 27 febrewaris 1858Parys, 19 desimber 1908) wie in keunstskilder.

Siebe ten Cate
keunstner
Siebe ten Cate, selsportret
Siebe ten Cate, selsportret
persoanlike bysûnderheden
echte namme Siebe Johannes ten Cate
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 27 febrewaris 1858
berteplak Snits
stoarn 19 desimber 1908
stjerplak Parys
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
wurkpaad
wurksum as skilder, etser, litograaf
streaming let-ympresjonisme
jierren aktyf om 1873 - 1908
offisjele webside
gjint

Libben en wurk

bewurkje seksje
 
Siebe ten Cate yn syn atelier yn Parys
Frysk Skipfeart Museum

Ten Cate wie in soan fan Jan ten Cate (1828 - 1876), politikus en boargemaster fan Snits (1828-1876) en Popkje Tuymelaar[1]. en pakesizzer fan de Snitser learloaier en boargemaster Steven Theunis ten Cate en Johanna Gerrits van Delden. De húshâlding kaam út in foaroansteand en begoedige dopersk laach dat oarspronklik út de Achterhoeke kaam. De famylje hie in iikmole, De Hoop mei fellebleaterij anneks oan de Wâldfeart.

Ten Cate studearre oan de Ryksakademy fan Byldzjende Keunsten yn Amsterdam en by J.M. Schmidt Crans, mar hâlde in grut part fan syn libben ta yn it bûtenlân. Hy studearre in hoart yn Antwerpen, mar wenne en wurke fan 1880 oant 1908 yn Parys en rekke dêr beynfloede troch it yn dy tiid opkommende Ympresjonisme. Yn Parys hie er kunde oan Vincent van Gogh, Alfred Sisley, Camille Pisarro en Kees van Dongen. Yn syn ympresjonistyske keunstuterings wie hy foar Nederlânske begripen tige foarútstribjend. Siebe Ten Cate lei him ta op it skilderjen fan stedsgesichten, dy't eksposearre waarden op de jierlikske Salon d'Automne.
Op reizen troch Europa (ûnder oare yn Sweden, Noarwegen en Switserlân) en Noard-Afrika [Egypte en Algerije] en de Feriene Steaten) skildere en tekene hy in soad lânskippen. Hy makke ek etsen en lito's.

Ten Cate stoar yn 1908 te Parys oan 'kongestje fan de bloedsomrin' yn de âldens fan fyftich jier. Yn 1909 waard de skilder betocht op de Salon d'Autmne mei in útstalling fan leafst 51 fan syn wurken. Lange tiid waard syn wurk fergetten yn Nederlân. Hjoed de dei wolle in soad minsken syn wurk wol hawwe en wurdt it tsjin hege pizen feild.

Wurken fan him hingje ûnder oare yn it Louvre, it Musée Carnavalet, beide yn Parys, it Frysk Skipfeart Museum en it Frans Halsmuseum yn Haarlim.


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nederlânsktalige Wikipedia, Jan ten Cate