It siedpunt, of kôkpunt, fan in suvere stof is de maksimumtemperatuer wêrby't de floeistof floeiber bliuwt. It tafoegjen fan enerzjy liedet ta de oergong fan de floeistoffase nei de gasfase. By it hieltyd ferwaarmjen bliuwt de temperatuer fan de floeistof op it siedpunt, oant it stuit dat alles ferdampt is. Dit alles bywannear’t de druk konstant bliuwt, sa as yn in iepen fet.

Dit proses fan ferdampen dêr’t dampbellen by yn de floeistof ûntsteane en nei boppe geane ûnder de ynfloed fan de swiertekrêft hjit "siede".

In oare definysje fan it siedpunt is “de temperatuer dêr't de dampdruk fan de floeistof lyk by is oan de atmosfearyske druk”.

Siedpunt en druk

bewurkje seksje

De temperatuer wêrby't in floeistof oan de kôk rekket is ôfhinklik fan de hearskjende druk. By 1 atmosfear (loftdruk op seenivo, 101,325 kPa) is it siedpunt fan wetter 100°C, of eins, mear krekt 99,97°C. Op de Mount Everest, dêr’t de loftdruk likernôch 26 bar is, is it siedpunt fan wetter mar 69°C. En yn in hegedrukpanne siedt it wetter by 120°C. Men sprekt dêrom ek oer it normaal siedpunt foar it sieden by 1 atmosfear.

De floeistof dampline dy’t de dampdruk útset tsjin de temperatuer lit sjen by hokker druk hokker siedpunt fan tapassing is. Hjirûnder is de dampline foar wetter werjûn.

 

De floeistof-dampline rint fan it tripelpunt oant it kritysk punt. Under it tripelpunt, as de stof ûnderkuolle is, sil er fêst wêze en ferdampt er troch sublimaasje. Boppe it kritysk punt bestiet der gjin oergong mear tusken de floeistof en gas en bestiet der dan ek gjin siedpunt mear.

By distillaasje wurdt it siedpuntferskil fan stoffen brûkt om in skieding ta stân te bringen.

Yn de keuken wurdt sieden brûkt om iten, bygelyks griente, gear te krijen. By it gearjen fine gemyske reaksjes plak, wêrtroch't it iten better smakket en sêfter wurdt. De gearingstiid hinget ôf fan de temperatuer, sa sil yn in hegedrukpanne fiedsel flugger gear wurde troch de hegere temperatuer (en net troch de hegere druk).

Ek kin troch ynkoaitsjen de smaak fan it fiedsel feroarje. Mei de ûntkommende dampen wurde net-winske geurstoffen meinomd. Dit ferskynsel wurdt beskreaun troch de lear fan de distillaasje en de steamdistillaasje. It ferwiderjen fan net-winske geuren troch ynkoaitsjen giet it best op heech fjoer, sûnder deksel, omdat dan gjin rektifikaasje tsjin it deksel of de wannen plakfynt wêrtroch de geurstoffen werom gean kinne.

Keppeling om utens

bewurkje seksje