Westwall

(Trochferwiisd fan Siegfriedliny)

De Westwall, (Alliearde namme: Siegfriedliny), wie in Dútske ferdigeningsliny dy't flak foar en yn Twadde Wrâldkriich boud waard. Hy roan fan Kleef, oan de Nederlânske grins, oant de Switserske grins ta. De Westwall hie in lingte fan goed 630 km mei mear as 18.000 bunkers, tunnels en tankfallen.

Westwall yn 't read, Maginotliny blau
'Draketosken' tsjin tanks yn de Eifel

De plannen foar de Westwall waarden makke yn 1936 en tusken 1938 en 1940 liet Adolf Hitler de liny oanlizze. Dit ferdigeningswurk wie in reaksje op de Frânske Maginotliny, in ûnbidich fortestelsel oan de Dútske grins. It bouprojekt is te fergelykjen mei de oanlis fan de Dútske snelwegen dêr't tûzenen minsken troch oan it wurk koenen. De oanlis hie in psychologysk en strategysk doel: as oppepper foar de Dútske befolking en as ôfskrikking foar de Frânsen.

Keppelings om utens

bewurkje seksje