Sijtze Malda (Urk, 24 maaie 1947) is in byldzjend keunstner en muzikant. Syn heit komt fan Hallum en Sijtze wennet sûnt 1976 yn Swol.

Blue Dew (foto M. Lieffers).

As bûtenskilder lit Malda him ynspirearje troch lânskippen mei in soad wetter. Sa skildert er oan de Waadkust, yn havens, oan rivieren en kanalen en fan de Isel oan de yn Ierlân en Frankryk. It op lokaasje skilderjen docht Sytze út syn camper wei. Dêrmei siket er de romte fan it lânskip, de loften of de stilte dy't er fêstleit yn akwarellen. De iene kear aksintuearret er de romte in oare kear de smûkens. It giet him altyd om de persoanlike ferbylding fan syn waarnimming.

Malda spilet yn de bandsjes Colcannon en Blue Dew dy't Ierske folksmuzyk, resp. bluegrassmuzyk meitsje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

publikaasjes :

  • De IJssel als mythische rivier - wykeinbylage De Stentor (2009)
  • Toetsen en Tonen - útjouwerij Art Revisited (2008) mei in CD mei eigenmakke komposysjes
  • Kunst langs de IJssel - útjouwerij Diepenmaat(2007)
  • Ferskate artikels yn magazine "Atelier"